Geotekstyl foar de wetterbou

Secutex® H / Bentofix®

Secutex® H fluezen en sânmatten wurde brûkt as skiedingslagen en filters yn wetterboukundige tapassingen, lykas dykkonstruksjes of kanaalbêden. Ferwurke yn buizen kin Secutex® H yn havens brûkt wurde as beskerming fan de dokken.

Secutex® H is in steapelflues dat makke is fan 100% syntetyske fezels. De trijediminsjonale fezelstruktuer foarmet in ûneinich labyrint fan poarjes, wêrtroch’t de ideale boaiemstruktuer neimakke wurdt.

Wissichheid en duorsumheid

De foardielen fan Secutex® H binne fleksibiliteit, filterstabiliteit en duorsumheid. Secutex® H past him oan it grûnoerflak oan en kin sels bedutsen wurde mei swiere ballêststiennen. Poerbêste ferbiningseigenskippen biede in hege wissichheid, wêrtroch’t banen net ferskowe kinne.

Passende oplossingen mei Secutex® H

NAUE Prosé Kunststoffen soarget derfoar dat it goede materiaal op de goede manier oanbrocht wurdt. It passend snijen op it bouplak wurdt dien mei tradisjonele snijapparaten.
Mei it tapassen fan Secutex® H besparje jo op de kosten fan transport en it ynbouwen fan sân- en grintdrainaazjelagen. Secutex® H garandearret minimaal ûnderhâld en in lange libbensdoer fan bouwurken.