, ,

Keunststoffoly

Carbofol®

Kunststoffolie constructies

Carbofol® (keunststoffoly) wurdt in soad brûkt yn de wei- en wetterbou. Sa wurdt it ûnder oaren tapast by it bouwen fan reservoirs, keardammen, kanalen, tunnels, fivers, opslach- en stoartplakken en foar de opslach fan dong.

Carbofol® stiet bekend om syn probleemleaze ferwurking, sels wannear’t oan de strangste foarskriften foldien wurde moat. Dêrneist is it bysûnder duorsum en sawol gemysk- as UV-bestindich.

Ferskate dikten
Carbofol® folys binne makke mei de help fan hegetichtens-polyetyleen (HDPE). It materiaal is taai en aardich fleksibel. Carbofol® wurdt produsearre yn ferskillende dikten, dy’t fariearje tusken 0,5 en 4,0 mm.

De rôlen profilearre foly hawwe in standert breedte fan 5,10 m en de glêde foly kin produsearre wurde yn in breedte fan 5,10 m en 9,40 m.

Passende oplossingen mei keunststoffolys NAUE Prosé Kunststoffen soarget derfoar dat it goede materiaal op de goede manier oanbrocht wurdt. It laskjen fan naden en reparaasjes wurde dien mei state-of-the-art apparatuer. Mei luchtdrukproeven of fakuümtesten kin de kwaliteit fan de lasknaden kontrolearre wurde.

Strukturele details, lykas helpstikken en trochfieringen, binne maklik op it wurkplak oan te bringen.

folieconstructies6 folieconstructies5 folieconstructies4 folieconstructies2 folieconstructies folieconstructies3