, ,

Keunststofweefsel

Secutex®

Keunststofweefsel

Secutex® is in non-woven geotekstyl. Secutex® wurket as in filter en biedt oplossingen foar skieding, filtering, drainaazje en beskerming yn de wei- en wetterbou, mar ek foar lân- en túnbou.

Secutex® stiet bekend om de goede kwaliteit as filter en skiedingsmateriaal. As skiedingslaach ferhinderet Secutex® dat de ôfsûnderlike lagen elkoar fersmoargje kinne. Geotekstyl wurket as in filter en ferhinderet dat de fine grûndieltsjes útspield wurde kinne en dat it ôfwetterjend fermogen fan grouwere lagen yn gefaar brocht wurdt.

Passende oplossingen mei geotekstilen

NAUE Prosé Kunststoffen leveret en bewurket alle geotekstilen op maat. Us deskundige minsken soargje derfoar dat it projekt fluch útfierd wurdt. NAUE Prosé Kunststoffen soarget derfoar dat it goede materiaal op de goede manier oanbrocht wurdt. Sa kin geotekstyl op in feilige wize swiere en dynamyske belêstingen wjerstean. Wy biede jo op dy manier in optimale priis-kwaliteitferhâlding.

Besparring yn de kosten

Jo hoege minder materiaal yn te setten en minder ôf te graven om in bepaald profyl te krijen. Dêrtroch besparje jo flink op de bou- en ûnderhâldskosten!